Mear keunst yn Ljouwerter wiken

28 aug 2002 - 00:00

De gemeente Ljouwert wol troch mear keunst yn de wiken te bringen de sosjale gearhing ûnder de bewenners sterker meitsje. De stifting Parnas kriget 170.000 euro om de keunst yn de wiken te bringen.

Dat hawwe B&W fan Ljouwert tiisdei besletten. In earder proefprojekt wie it feroarjen fan it oansjen fan it winkelsintrum yn de Frijheidswyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)