'Bouwe yn Bullepolder kin wol'
Wentebou yn de Bullepolder by Ljouwert hat gjin skealike gefolgen foar de guozzen yn natuergebiet de Grutte Wielen. Dat docht bliken út in ûndersyk fan guozze-ekspert Ebbinge.
De gemeente Ljouwert wol no sa gau mooglik út ein sette mei de bou fan 400 djoere keapwenten yn de polder. Omwenners en natuerorganisaasjes binne poer op de plannen tsjin.