Geheimsinnige sirkels yn weet

© Omrop Fryslân
De frjemde sirkels dy't boer Bekius fan Minnertsgea woansdei yn syn weetfjild oantrof, binne makke troch minsken. De televyzjestjoerder V8 sit der achter.
V8 makket op it stuit in televyzje- programma dêr't studinten in keamer winne kinne. Gadingmakkers moatte in ludike aksje betinke en útfiere. It idee foar de sirkels is fan in studint út Ede. 17 septimber komt it op TV.