Proefseizoenskaart foar Cambuur

27 aug 2002 - 00:00

Cambuur wol mear publyk by de thúswedstriden. Dêrom wurdt besocht om de supporters dy't ferline jier wol in seizoenskaart hiene en no net, wer nei it stadion te krijen.

Sy kinne no in proefseizoenskaart keapje. As de kaart net foldocht, kin dizze nei trije wedstriden wer ynlevere wurde. Se krije dan it folsleine bedrach werom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)