Brân yn fersoargingshûs falt ta

27 aug 2002 - 00:00

Fersoargingstehûs Coornhertstate op It Hearrenfean hâldt de alarmproseduere nochris goed tsjin it ljocht. Moandei wie brân yn 'e mienskipsromte. Soks moat melden wurde mei ien fan de alarmknoppen yn 'e gong. Lykwols waard de brânwacht direkt belle.

De gefolgen fan de brân bleaunen beheind. In pear bewenners moasten tydlik evakuearre wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)