Gemeentehûs Koudum ferkocht
It âlde gemeentehûs yn Koudum wurdt kantoar fan wentebouferiening Nijefurd. Harren ûnderkommen yn 'e Van der Walstrjitte wurdt te lyts, seker nei de fúzje mei Corporatieholding Fryslân. Boppedat foldocht it net mear oan de easken.
Nei de fúzje sil de nije grutte wenteboukorporaasje 850 hierders yn 'e súdwesthoeke betsjinje.