Deadsoarsaak frou bekend

27 aug 2002 - 00:00

De frou dy't snein dea yn har hûs yn Ljouwert fûn is, is ferstoarn oan 'e gefolgen fan in oanriding. Dat hat bliken dien út seksje. De frou wie freed oanriden, mar it like net slim. Wol klage se oer pine yn 'e holle.

De feroarsaker fan it ûngelok is trochriden. Buertûndersyk smiet neat op. De plysje siket om de bestjoerder fan in wite auto.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)