Twaddehâns kompjûters kado
De Keamer fan Keaphannel jout twaddehâns kompjûters wei oan in tal maatskiplike organisaasjes. It giet ûnder oare om de paadfinerij en it jeugdwurk Ljouwert, en De Skûle yn Frjentsjer.
De Keamer hat krekt nije kompjûters krige. Fia it Sintrum foar Bedriuw en Mienskip Fryslân (CBSF) krije de 'âlde bistjes' no in nij libben.