Skuld wetterskea ôfwiisd
De gemeente Lemsterlân is net ferantwurklik foar de wetterskea op 'e Lemmer fan it ôfrûne wykein. Dat seit in wethâlder. Nei in wolkbreuk rûnen kelders fol, kamen winkels en in bungalowpark ûnder wetter te stean. Foar it rioel is oars de gemeente ferantwurdlik. Mar it wetterskip hat in oerstoart fuorthelle en noch gjin nije oanbrocht. Sa koe it wetter net fuort.