Heineken wol nei Drachten

26 aug 2002 - 00:00

Heineken Fryslân ferhuzet nei alle gedachten fan Grou nei Drachten. De ferhuzing sil neffens direkteur Smit gjin banen kostje. It nije bedriuw soe begjin 2004 draaie moatte.

Heineken wol ferhúzje om't der yn Grou te min romte is. Ein dit jier wurdt in definityf beslút naam. Ek in fêstiging yn Grinslân soe nei de nije lokaasje ferhúzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)