Parsepriis foar Wiebe Wieling

Wiebe Wieling is ek foarsitter fan de Alvestêdetochtferiening © Foto Binne-Louw Katsma
Foarsitter Wiebe Wieling fan de Fryske Alvestêdeferiening krijt de Fryske parsepriis 2012. Wieling wint dy foar syn omgean mei de parse by de mooglike alvestêdetocht begjin dit jier. Hy wist dêrby neffens de sjuery it midden te hâlden tusken hype en realiteit. Op alle fragen, fan wat foar nivo ek, joech er antwurd.
Mei it takennen oan Wieling wurde ek de oare bestjoersleden en frijwilligers eare. De priis wurdt Wieling sneontejûn útrikt by it parsebal. De lèste winner fan de parsepriis wie topmodel Doutzen Kroes.