Te min jild foar ferkear

© Omrop Fryslân
Wichtige ynvestearringsplannen foar diken en wetterwegen yn Fryslân rinne gefaar. It ministearje fan Ferkear en Wettersteat makke sneon bekend dat der in grut jildtekoart is.
Allinne al foar wetterbehear is der jierliks 100 miljoen euro te min. Deputearre Bijman hopet dat it Ryk de eardere ôfspraken oer oanlis en ûnderhâld fan Fryske diken noch neikomt.