Ald-keatser Aebe Haima ferstoarn

25 aug 2002 - 00:00

Ald-keatser en -húsdokter Aebe Haima is ôfrûne tongersdei op 75-jierrige leeftiid ferstoarn. Haima makke yn 1945 syn debút yn it keatsen. Hy wûn twa kear de PC, yn 1946 en 1947, en waard dêr ek twa kear twadde.

Ek wûn er ferskate oare partijen. Yn 1973 kaam der in ein oan de keats- karriêre fan Haima. Hy wurdt kommende tiisdei te hôf brocht yn Weidum.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)