NK fierljeppen falt yn it wetter
It Nederlânsk kampioenskip fierljeppen yn Grypstsjerk yn Grinslân foel sneon yn it wetter. Fanwege oanhâldende reinbuien koe it programma net ôfwurke wurde. Om healwei fjouweren besocht de organisaasje it noch even.
Mar nei 17 sprongen waard it kampioenskip definityf ôflast. It NK wurdt no ferskood sneon 31 augustus.