Paul van Vliet yn Garyp
Kabaretier Paul van Vliet hat freedtejûn optreden op it doarpsfeest fan Garyp. Yn 'e hongerwinter wenne er fiif en in heale moanne yn Garyp om't er yn Den Haach gjin iten mear wie. Sa'n 1000 minsken harken yn de feesttinte nei Van Vliet.
De opbringst fan it doarpsfeest giet nei Unicef. Paul van Vliet is ambassadeur fan Unicef.