Cambuur ûnderút yn Haarlim

24 aug 2002 - 00:00

Cambuur ferlear freed mei 2-0 fan en yn Haarlim. De Ljouwerters koene allinnich it earste heal oere Haarlim byhâlde. Nei de prachtige goal fan Haarlimmer Rick Hooiboer yn 'e 30ste minút sakke Cambuur yn. Dyselde Hooiboer soarge yn 'e 52ste minút foar 2-0.

Cambuur wist amper kânsen te kreearen. Ek de einpass fan 'e Ljouwerters wie min.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)