Tekoart oan mitselders driget

© Omrop Fryslân
Der driget in grut tekoart oan mitselders yn Fryslân. De ôfrûne fiif jier is it tal mitselders mei sa'n sân en in heal persint ôfnaam. Dêrtroch driigje bouprojekten yn de takomst yn gefaar te kommen.
De oarsaak fan it tekoart wurdt socht yn it minne imago fan it wurk. Fierder wurdt der op skoallen net folle omtinken jûn oan it mitselwurk.