Koart nijs

23 aug 2002 - 00:00

Yn Jelsum binne freed fjouwer hûnen út in wenning wei helle. De bisten wiene slim fertuteazge. De ynspeksje hie in tip krigen. De eigner wie net thús.

In 56-jierrige Stienser is tongersdei slim ferwûne rekke doe't er troch in dak foel. De man wie op it dak fan in pleats oan it wurk, en is wierskynlik troch in tinne plaat sakke. Hy foel fiif meter nei ûnderen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)