Fergunnings krieëjacht terjocht

© Omrop Fryslân
De provinsje mei wol fergunnings útjaan foar de jacht op krieën. Dat hat de rjochter bepaald. Dêrmei hat Faunabeskerming it koart pleit ferlern dat oanspand wie tsjin de provinsje.
Faunabeskerming is bot teloarsteld. Sy fynt dat net goed oanjûn is wêrom't de fûgels skealik binne. De feriening oerwaget in heger berop. Sûnt juny hat de provinsje 180 fergunnings ôfjûn.