Wetterproblemen Leechlân

09 mrt 2012 - 20:45

Ynwenners fan it Leechlân tusken Grou en Warten sitte geregeld sûnder wetter omdat de haadlieding yn har gebiet knapt. Dat komt neffens wetterbedriuw Vitens troch de oanlis fan de Heak om Ljouwert. Fanwege dy nije dyk oan de westkant fan 'e stêd wurde liedingen ôfsletten en ûntstiet der sa tefolle druk op de haadlieding yn it Leechlân.

Vitens besiket it probleem mei wetterdrukmeters op te lossen. De haadlieding knapte de ôfrûne wiken al seis kear, mei as gefolch dat tsien huzen sûnder wetter sieten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)