Wer mear deade seehûnen

23 aug 2002 - 00:00

Der binne tongersdei 38 deade seehûnen ophelle fan Skiermûntseach. De bisten wiene opslein yn in frieskontener. Se wiene de ôfrûne wiken oanspield op it eilân.

It besmetlike seehûnefirus wie de oarsaak fan de dea. De bisten binne oerbrocht nei de Eemshaven by Delfsyl. Dêr wurdt takom wike seksje ferrjochte. Yn totaal binne der 64 bisten oanspield.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)