Woonservice-zone yn Kollum
Der komt in saneamde 'woonservice-zone' yn it sintrum fan Kollum. Yn in gebou mei apparteminten foar âlderein moatte ek berneopfang, medyske foarsjennings, basisskoallen en winkels húsfeste wurde.
It projekt, dat foarearst 'Kollum multi-functioneel' hjit, kostet inkelde tsientallen miljoenen euro's en moat oer 10 oant 15 jier klear wêze.