Buert net bliid mei studinten

23 aug 2002 - 00:00

De measte omwenjenden fan it eardere Lienward-kolleezje yn de Kanaalstrjitte binne tsjin it plan fan 'e gemeente om 80 bûtenlânske studinten yn de skoalle te húsfesten. Dat die tongersdei bliken op in harksit. De buertbewenners binne benaud foar oerlêst.

Lang net alle buertbewenners binne tsjin. Buorman De Jong fan it Lienward fynt it sels in 'moai plan'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)