Jeugd ferbruit it by gemeente

22 aug 2002 - 00:00

Nei in pear moanne is de jongerein fan Feanwâlden harren seekontener dy't as 'honk' tsjinne alwer kwyt. De gemeente Dantumadiel hat him derwei helle.

De jongeren hâlden harren net oan de regels. Sa waard der te folle dronken en wie der sprake fan oerlêst. De jeugd hoecht foarearst ek net wer om in nij honk oan te klopjen by de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)