Wim Stroetenga wrâldkampioen

22 aug 2002 - 00:00

Hurdfytster Wim Stroetinga is yn it Australyske Melbourne wrâldkampioen wurden. Dat wie op it ûnderdiel 'scratch' foar junioaren. De renners starte tagelyk en fytse 10 km op de baan.

De 17-jierrige Stroetinga kaam as earste oer de streek. De Dútser Sebastian Frey waard twadde en de Deen Alex Rasmussen tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)