Skulpemuseum op Skiermûntseach

22 aug 2002 - 00:00

Op it eilân Skiermûntseach komt in skulpemuseum. It giet om de priveekolleksje fan de famylje Boer. Dizze Skiermûntseagers hawwe op harren reizen rûnûm wei skulpen meinommen nei hûs.

Yn 'e rin fan de tiid waard de samling hieltyd grutter. Mei de iepening komt in âlde winsk fan de famylje út. It museum wurdt pas takom maitiid iepene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)