Ald-haadredakteur LC ferstoarn

© Omrop Fryslân
Ald-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante, Eddy Evenhuis, is woansdei yn Ljouwert ferstoarn. Hy kaam yn 1954 as bûtenlânredakteur by de krante. In jier letter waard er al haadredakteur. Hy bleau dat oant 1983 ta. Twa jier dêrnei gie er mei pinsjoen.
Yn syn jonge jierren skreau Evenhuis ek gedichten. Hy makke in tal dichtbondels. Hy is 81 jier wurden.