Fernielings Molkwar oplost

© Omrop Fryslân
De plysje hat tal fan fernielings yn Molkwar oplost. Mei help fan tsjûgen en in kampingbehearder koe de plysje twa jonges fan 16 jier oanhâlde. Se wienen fertocht om't oaren sjoen hienen dat se fyts- en autobannen lek prikt hienen.
Sels ûntkenden se dat earst, mar op it buro bekenden se dochs. Se moatte de skea fan goed 800 euro oan de ferskillende slachtoffers betelje.