Fytsferbod foar winkelstrjitten
It fytsferbod yn de Hoogstrjitte en de Waagstrjitte yn Dokkum moat better kontrolearre wurde. Dat fynt de klub fan ûndernimmers. Benammen brommers en fytsende skoalbern jouwe in soad oerlêst yn de winkelstrjitten.
De gemeente Dongeradeel begjint mei in strang tafersjoch. Neffens de ûndernimmers hat sa'n tydlike kontrôle net folle doel.