Provinsje stipet Fryske tsjerken
De provinsje stelt goed 600.000 euro beskikber foar njoggen Fryske tsjerken. De herfoarme tsjerke yn Easterbierrum en de roomske tsjerke yn Heech krije beide in ton subsydzje.
De provinsje sparret al in pear jier foar de restauraasje, om't ryksjild te min is. De gebouwen ha kultuer-histoaryske wearde en binne ek belangryk yn it lânskip.