Subsydzje foar Friezetsjerke
De provinsje jout 10.000 euro oan it projekt om de Kerk der Friezen yn Rome op te knappen. It provinsjale jild is bedoeld om in muorreskildering te restaurearjen. It giet om in ôfbylding fan Bonifatius.
De tsjerke sels wurdt ek restaurearre. Dat kostet 500.000 euro. De provinsje rjochtet in komitee fan tafersjoch op dat de restauraasje yn de gaten hâldt.