Undernimmers nei de rjochter

© Omrop Fryslân
Acht ûndernimmers oan de Cereswei op De Himrik yn Ljouwert stappe nei de rjochter. Sy wolle har bedriuwswenten op it yndustryterrein behâlde. Neffens de gemeente passe bedriuwswenten net yn it nije bestimmingsplan en hiene de ûndernimmers gjin boufergunning.
Neffens de advokaat fan de ûndernimmers wie de bou fan de ûndernimmerswenten yn it âlde bestimmingsplan gjin probleem.