Lege perrons fanwegen lekkerij
Mei de trein út Fryslân wei nei de Rânestêd wie tiisdei foar in grut part fan de dei net mooglik. Oarsom fansels ek. In lekkende trein op it stasjon yn Amersfoort wie de oarsaak.
De trein lekte de giftige stof acrylnitril ôfkomstich fan in Amerikaans bedriuw. Fan de brânwacht mochten der fan en nei Amersfoort gjin treinen ride. De NS sette bussen yn.