Taksysintrale ûntkent problemen

© Omrop Fryslân
De direksje fan Taksysintrale Frjensjer ûntkent dat der problemen binne. Se tinke dat guon wurknimmers it bedriuw swart meitsje wolle.
De beskuldiging fan it hege syktefersom is neat fan wier, want it fersom is net heger as by oare bedriuwen. Wol wiene der problemen mei it útbeteljen fan it lean, mar dat is bard yn goed oerlis mei it personiel, sa seit de direksje.