Fyfde beurs Vrouw! begûn

09 mrt 2012 - 19:54

Yn it WTC Expo yn Ljouwert is freed de fyfde edysje fan de beurs Vrouw! begûn. Goed 170 standhâlders biede dêr har saken oan. It giet dan net allinne om klean en make-up, mar ek om bygelyks iten en sûnensprodukten. De beurs hat as tema '100% selfmade'.

De beurs duorret oant en mei snein. Op de edysje fan ferline jier kamen sa'n 17.000 besikers ôf.

Trefwurden: 
Ljouwert WTC Expo Vrouw!
(advertinsje)
(advertinsje)