Brân yn Dronryp

20 aug 2002 - 00:00

De skuorre fan in monumintale pleats yn Dronryp is moandei ôfbaarnd. In buorman ûntduts de brân en warskôge de eigner. Dy besocht it fjoer út te meitsjen, mar om 'e nocht. De brânwacht slagge deryn it wenhûs te rêden.

Gjinien rekke ferwûne by de brân en der wiene ek gjin bisten op de pleats. Hoe't it fjoer ûntstean koe, wurdt noch útsocht troch de technyske resjerzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)