Unrêst by taksysintrale

19 aug 2002 - 00:00

By it personiel fan Taksysintrale Frjentsjer is grutte ûnrêst ûntstien. Fan de tritich wurknimmers sitte tsien thús. De sintrale betellet sûnt begjin dit jier de leanen te let of hielendal net út.

Neffens de direksje komme de problemen om't guon opdrachtjouwers ek net op tiid betelje. In fakbûn besiket yntusken te bemiddeljen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)