Ferpleechkundige mishannele

19 aug 2002 - 00:00

Yn it Antoniussikehûs yn Snits is sneintenacht in ferpleechkundige mishannele, troch in 29-jierrige Snitser. Dy wie nei it sikehûs takommen om't er tocht dat er epilepsy hie.

De man krige nei in ûndersyk te hearren dat der gjin sprake wie fan epilepsy. Hy waard doe sa lilk dat er de ferpleechkundige sloech. De man is letter oanholden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)