Kwaliteit swimwetter see goed
De kwaliteit fan it swimwetter op plakken yn de Waadsee en de Noardsee is goed. Dat docht bliken út mjittings fan Rykswettersteat.
Dy kontrolearret de kwaliteit op sân plakken yn Fryslân. It giet dan benammen om lokaasjes op de Waadeilannen. Op al dy plakken is it fertroud om te swimmen, neffens Rykswettersteat.