Tige waarm simmerwaar
Mei in temperatuer fan tsjin de 30 graden wie it sneon in topdei yn Fryslân. De strannen oan 'e Iselmarkust leinen dan ek grôtfol. De measte minsken hiene frij en koene lekker genietsje fan it moaie simmerwaar.
Njonken sinnebaaiwaar is it ek tige geskikt waar om te barbecuen. It fleis fleach by slachter Teernstra yn Makkum de winkel út.