Fiif man pakt foar ûntfiering

09 mrt 2012 - 19:38

De plysje fertinkt fjouwer ynwenners fan Koatstertille en ien fan Boksum fan mishanneling en ûntfiering. De fiif soene woansdeitejûn in Ljouwerter (37) swier mishannele hawwe by it Cambuurstadion en dêrnei meinaam hawwe nei syn loads. Dêr stie guod dat de fiif fan de Ljouwerter werom hawwe woene. Doe't se it guod fuorthelle hienen lieten se de Ljouwerter wer frij.

De fiif binne freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. It is net bekend oft dy bepaald hat of se langer fêstsitten bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)