Oanpassing dyk by Strobos
De 80 km-dyk tusken Strobos en it Grinzer Grijpskerk moat feiliger wurde. Der komt in nije maksimum-snelheid fan 60 kilometer. De dyk wurdt op 'e nij asfaltearre en der wurde oanpaste strepen oanbrocht.
De strepen wurde sa oanbrocht dat de dyk smeller liket en de auto's minder hurd ride sille. Yn de maaitiid fan 2003 moat út ein set wurde mei it wurk.