Bern siik nei swimmen yn De Pein

17 aug 2002 - 00:00

Trije bern binne siik wurden nei't se swommen ha yn de fiver by de Reinder de Vriessingel yn De Pein. Meiwurkers fan de gemeente hawwe, nei in tip, in tal deade einen út it wetter opfiske.

De gemeente Smellingerlân warskôget no foar it swimmen yn de fivers. By de erkende bûtenswimplakken mei noch wol swommen wurde. Dy binne by de Leijen, by de Smelle Ie en Parkwijck De Singels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)