Cambuur wint earste wedstriid

17 aug 2002 - 00:00

Cambuur is de earste wedstriid yn de kompetysje goed begûn. Tsjin Veendam wûnen de Ljouwerters freed mei 1-0. Dave Rogers wie de man fan de wedstriid doe't er yn de 39e minút skoarde.

De ferdigener makke in frije traap fan Dominique van Dijk goed ôf. Neffens trener Rob McDonald hienen wol mear kânsen brûkt wurde kinnen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)