Lyklema nije boargemaster
Louis Lyklema is freed ynstallearre as nije boargemaster fan Achtkarspelen. Hy wol benammen de grutte wurkleazens yn de gemeente oanpakke. Sa'n tsien persint fan de beropsbefolking yn de gemeente hat gjin baan.
Lyklema (56) folget Bernard Schmidt op. Hy wie fan 1991 oant 1995 deputearre foar de VVD yn Fryslân.