Fryske wetterpompen nei Dútslân

16 aug 2002 - 00:00

Wetterpompprodusint Van Heck BV út Noardwâlde sil ynkoarten in tal Dútske stêden helpe mei it fuortheljen fan reinwetter. Van Heck is ien fan de pear bedriuwen yn Europa dy't grutte wetterpompynstallaasjes bout en ferhiert.

De fyftjin beskikbere needpompen fan it bedriuw kinne yn 'e oere 8000 kubike meter wetter fuortpompe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)