Tún wurdt Ryksmonumint
In tún oan 'e Galemawei yn Mantgum is oanwiisd ta Ryksmonumint. Sûnt de oanlis, yn 1883, is der suver neat feroare.
De eigner fan it byhearrende wenhûs hat de monumintestatus sels oanfrege. Dêrmei makket er gading oan subsydzje fan 'e gemeente, dêr't er de daam yn 'e grêft yn âlde steat werombringe kin. De gemeente jout 34.000 euro.