Asbest by brân Sigerswâld
In loads fan in leanbedriuw yn Sigerswâld is tongersdei ôfbaarnd. De korpsen fan Beetstersweach en Oerterp rukten út om it fjoer út te meitsjen. By de brân soe ek asbest by frijkommen wêze. Om't it wynstil wie, is it net fuortwaaid en is der gjin gefaar foar de folkssûnens. Hoe grut de skea is, is noch ûnbekend.