Kompleks Rengersleane bliuwt

15 aug 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It studintekompleks oan de Rengersleane yn Ljouwert mei stean bliuwe. De rjochter hat dat tongersdei bepaald. De buert woe it kompleks fuort ha om't it it wengeniet oantaaste soe.

De gemeente is bliid mei de útspraak. Der is in grut tekoart oan húsfesting foar studinten. It kompleks bliuwt fiif jier stean. It is foar 300 bûtenlânske studinten. Dy komme yn septimber.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)