Net folle animo autofrije dei
Mar trije fan de 31 Fryske gemeenten dogge mei oan de autofrije snein. Ljouwert, Skiermûntseach en Opsterlân roppe de ynwenners op om 22 septimber de auto net te brûken.
De organisaasje siet slim teloarsteld te wêzen oer it lytse tal dielnimmers oan dit lanlike inisjatyf. Se wolle graach mear omtinken foar de miljeufreonlike aksje.